Attinte tsjûge bellet plysje

© Omrop Fryslân
Mei tank oan in attinte tsjûge, hat de plysje sneintemoarn betiid yn Drachten trije manlju oanholden foar ferskate fernielings.
De tsjûge seach dat twa 22-jierrige mannen út Grins en Houtigehage en in 24-jierrige Drachtster auto's en in trekker fernielden en belle it alarmnûmer 1-1-2. De plysje koe de manlju dêrnei maklik oanhâlde en meinimme nei it plysjeburo.