Aksje foar de Bottelarij

© Omrop Fryslân
Eigners, famylje en in hiel soad Boalserters komme dizze wike yn ´t spier om ien miljoen op te heljen foar de restauraasje fan in bysûnder gebou yn de stêd: de Bottelarij. Tongersdei begjint de útstjoering fan it lanlike tv-programma De Restauratie. Wa´t de measte stimmen lûkt, wint in miljoen om oan in restauraasje te besteegjen.
Sneon wie der in iepen dei yn de Bottelarij, in gebou dêr´t fiif generaasjes Albada_Jelgersma yn wenne ha.