Supertiid Sven Kramer op 3000

Kramer al yn foarm (foto Martin de Jong)
Wrâldkampioen reedriden Sven_Kramer is al goed yn foarm. By wedstriden yn Inzell ried er sneon op de 3000 meter in supertiid fan 3.43,34. Op bûteniis hat in rider noch net earder sa´n rappe tiid op ´e klok set.
It wrâldrekord op de 3000 meter stiet op namme fan de noar Eskil_Ervik. Dy ried yn 2005 op de oerdekte baan fan Calgary 3.37,28. Oant sneon hie Ervik mei 3.44,90 ek de bêste tiid op bûteniis. Kramer dûkte dêr dus in oardel sekonde ûnder.