Elma de Vries wint maraton

Bob en Elma de Vries (foto M. de Jong)
Maratonreedrydster Elma_de_Vries hat sneon yn Den_Haach de tredde wedstriid om de KNSB-Cup wûn. Se wie de rapste yn ´e massasprint. Klassemintslieder Maria_Sterk fan Hallum waard seisde.
Arjan_Stroetinga fan Waskemar waard twadde by de manlju. Hy koe yn ´e massasprint winner Karlo_Timmerman fan Staphorst krekt net byhelje. Bob de Vries fan ´e Haule waard tredde.