Flyers ferlieze fan Geleen

Flyers-sponsor Hajé
IIshockeyklub Hajé_Flyers hat sneontejûn ferlern fan de Eaters út Geleen. Yn it Thialfstadion wie Geleen yn ´e bekerwedstriid mei 7-4 de bettere ploech. De perioadestannen wiene 1-3, 1-4 en 2-0.
Benammen de earste perioade wie net bêst foar de Flyers. Ek it begjin fan ´e twadde perioade wie min. Doe´t coach Eimers syn keeper Chapala wiksele foar Idzenga gie it better. Idzenga krige mar ien goal tsjin en de Flyers wûnen sels de lêste perioade.