Brân yn fûgelkykhutte Aldegea

De fûgelkykhutte yn Aldegea (Smellingerlân) hat skea oprûn troch in brân. Trije fûgelleawhawwers ûntdutsen de brân freed. Se ha it fjoer mei help fan twa meiwurkers fan it Fryske Gea útmakke.
Troch de brân is de flier fan de hutte fernield rekke. Der is noch gjin spoar fan de dieders.