Bou Saailân útsteld nei 2009

bou Saailân begjint takom jier
De earste bou-aktiviteiten op it Ljouwerter Saailân begjinne net yn novimber, mar yn jannewaris. Der soe yn novimber begûn wurde mei de renovaasje fan de gevel fan it winkelsintrum. Om't de oannimmers mear tiid jûn is, soe de start fan de bou krekt foar de drokke desimbermoanne falle.
Dat is lykwols in hiel ûngeunstich tiidstip foar de winkels en dêrom is besletten om de start út te stellen oant yn jannewaris 2009.