Gjin rioel foar bûtengebiet

gjin rioel bûtengebiet Achtkarspelen
Huzen yn it bûtengebiet fan Achtkarspelen wurde net oansletten op it rioel. Dat hat de gemeenteried besletten. In mearderheid fan CDA, PvdA en de ChristenUnie wie tsjin it útstel fan de FNP. Guon bewenners fan it bûtengebiet wolle meibetelje oan de oanslutings neffens de FNP.
De gemeente hâldt lykwols fêst oan lytse suveringsynstallaasjes yn it bûtengebiet. Ek dat bart yn oerlis mei de bewenners.