Schuil nei heale finale

Richard Schuil
Beachvolleyballer Richard_Schuil fan Ljouwert hat de heale finale helle fan de World Tour-wedstriid yn Dubai. Yn de tredde ronde wûn Schuil tegearre mei Reinder_Nummerdor mei 21-19, 18-21 en 15-13 fan de Switsers Martin Laciga en Jan Schnider.
De fjirde ronde krigen Schuil en Nummerdor kado trochdat harren Dútske tsjinstanners harren weromlutsen. Wa't de tsjinstanners binne yn de heale finale is noch net wis.