VEC noch iepen oant 2009

© Omrop Fryslân
It ferkearsedukaasjesintrum yn Drachten bliuwt iepen oant 1 jannewaris. Dêr is tongersdei oerienstemming oer berikt. It VEC gie tiisdei fallyt. De personielskosten wiene te heech en ek wiene der net genoch aktiviteiten op 'e baan. De oerienstimming betsjut dat alle lessen en kursussen dy't op it program stean, trochgean kinne.
De provinsje en it regionaal orgaan ferkearsfeiligens ûndersikje no oft it bedriuw in trochstart meitsje kin.