Schuil nei tredde ronde
Beachvolleyballer Richard Schuil hat mei syn partner Reinder Nummerdor de tredde ronde fan it toernoai fan Dubai helle. De Ljouwerter Schuil en syn maat wiene yn de twadde ronde te sterk foar it Deenske duo Soderberg en Hoyer.
Se moatte it tongersdei opnimme tsjin it Switserske team Laciga/Schnider. Schuil en Nummerdor binne as twadde pleatst yn Dubai.