Arjan Stroetinga wer de rapste

Twadde winst Arjan Stroetinga
Arjan Stroetinga die tiisdeitejûn op de Vechtsebanen yn Utrecht itselde as Maria Sterk: ek de twadde maraton fan dit seizoen winne. Yn de massasprint bleau de ynwenner fan Waskemar, regearend Nederlânsk kampioen op keunst- en natoeriis, syn ploechmaat Bob de Vries fan De Haule krekt foar.
It tredde plak wie foar Karlo Timmerman fan Grins. Douwe de Vries fan It Hearrenfean waard sânde.