Piter Wilkens nei Kanada

Mei Fryske ferskes nei Kanada
Sjonger Piter Wilkens fan Marsum sil op toernee troch Kanada. Fan 29 oktober ôf treedt de Fryske trûbadoer ferskate kearen op foar Fryske emigranten en harren neiteam yn Ontario.
Wilkens hat foar de gelegenheid syn repertoire útwreide mei âlde Fryske ferskes en in pear Ingelske en Nederlânske covers. Boppedat sil hy tradisjonele Fryske ferhalen fertelle. Earder trede de sjonger al op yn Dútslân, Noarwegen en België.