60 jier 2CV fierd by Aldehou

It Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert stie tiisdeitejûn fol mei tsientallen einen. De Citroën Club Fryslân stie sa stil by it 60-jierrich bestean fan de Frânske auto. Fryske besitters fan sa'n 'lelijke eend' kamen massaal nei it sintrum fan de stêd om de jierdei te fieren fan dizze opfallende wein.
Op 7 oktober 1948 waard yn Parys de earste 2 CV oan it publyk toand. De fabrikant woe in sunige en maklik te betsjinjen auto foar de Franske boer op de merk bringe. Uterlik telde net.