Dochs nije skoalle De Geast

De brân yn 2007
De bou fan de nije basisskoalle tegearre mei it multyfunksjoneel sintrum yn Rinsumageast kin dochs los. It doarpshûs is ferline jier ôfbaarnd en ek de skoalle wie oan grut ûnderhâld ta. Der wiene plannen foar in saneamde brede skoalle, mar dêr wie gjin jild foar. Yn septimber is der lykwols ekstra jild fan it Ryk beskiber kaam.
Yn it nije gebou komt neist de skoalle ek romte foar de ferienings út it doarp en it pjutteboartersplak.