Monteurs by spoarbrêge Akkrum

De nije spoarbrêge yn Akkrum draait al wer seis wike sûnder problemen foar de skipfeart en it treinferkear. Minpunt is wol dat dêrfoar noch hieltyd de ekstra ynset fan monteurs nedich is troch Prorail.
Troch steurings koe it treinferkear fan ´t simmer hiel faak net oer de brêge. It ûndersyk dêrnei rint noch altyd. Se begripe no better wat der mis giet, mar it probleem is noch net hielendal oplost. Sa lang dat sa is, bliuwe der monteurs yn ´e buert.