Kuiper lulk op Galema

Boargemaster Kuiper(foto Martin de Jong)
Boargemaster Kuiper fan Skarsterlân is lulk op de provinsje. Kuiper neamt it optreden fan deputearre Sjoerd Galema yn de weryndielingsdiskusje ûnakseptabel en ûnfatsoenlik. B en W. fan Gaasterlân-Sleat wolle graach mei Lemsterlân en Skarsterlân, mar Galema wol dat út noch yn net. Hy wol dat Gaasterlân-Sleat dochs oanslút by de oare Súdwesthoekegemeenten.
Kuiper fynt it stânpunt yn striid mei it útgongspunt dat gemeenten sels ´fan ûnderen op´ kieze kinne.