Noch soad earmoed yn Fryslân

In tredde part fan de Fryske jongerein ûnder de santjin jier groeit op yn in efterstânswyk. En ien op de tsien húshâldens moat rûnkomme fan in leech ynkommen. Dat bin de twa belangrykste útkomsten fan in earmoedûndersyk fan de provinsje. Neist jongeren hawwe ek allinnichsteanden, ienâldergesinnen en minsken mei in lege oplieding te krijen mei earmoed en skulden.
De earmoedsifers yn Fryslân binne slimmer as yn grutte parten fan de rest fan Nederlân.