Bolswardia yn ´e rou

© Omrop Fryslân
Fuotbalclub Bolswardia hat alle trainingen foar dizze wike ôfsein fanwegen it ferstjerren fan Frank Voshol (20). Hy ferstoar sneon yn de wedstriid Bolswardia 3 - Nijlân 4 nei in kopduel.
Voshol waard tsien minuten nei it kopduel net goed. Plysje en ambulânse wiene gau te plak. Der is noch besocht de man te reanimearjen, mar dat is net mear slagge. De club hâldt moandei in byienkomst foar Voshol, dêr´t ek it kondoléânseregister tekene wurde kin.