Stroomsteuring yn Ljouwert-Súd

Sikehûs MCL draaide op needaggregaat
De súdkant fan Ljouwert hie moandeitemoarn trije oeren lest fan in stroomsteuring. Ek sikehûs MCL siet sûnder stroom en draaide sûnt 7 oere moandeitemoarn op in needaggregaat.
Allinnich de heechst needsaaklike behannelings koene op dat stuit trochgean. Yn de wyk Aldlân wiene troch noch ûnbekende oarsaak in tal ferdielstasjons útfallen, wêrtroch´t it súdlik diel fan de stêd sûnder stroom siet. Ek in grut part fan Huzum siet sûnder stroom.