Snits Wyt Swart ferliest

© Omrop Fryslân
Sneinshaadklasser Snits Wyt Swart ferlear op it eigen fjild mei 2-0 fan Quick '20. Mei it skoft wie de stân noch 0-0. Yn de twadde helte kaam Quick '20 op in 1-0 foarsprong troch in flater fan doelman Ernst Pieter Bantema. Doelpuntemakker wie Sargo Gourig.
Gourig makke ek it twadde doelpunt. It wie in folslein terjochte oerwinning foar de ploech út Oldenzaal.