Benefytkonsert foar Gambia

De site fan Heino-Dakar
De stifting Heino-Dakar organisearret op 10 oktober yn Garnerwolde (flakby Grins) in benefytfestival. De yntree foar it festival is 5 euro de persoan. De opbringst is bestimd foar in humanitêre rit mei âlde auto's en guod fanút Nederlân fia Dakar nei Gambia.
De organisaasje is noch op syk nei Fryske bands en artysten dy't hjirfoar belangeleas optrede wolle. Belangstellenden kinne har opjaan by de stifting, email: info@heino-dakar.nl.