Velthorst wint NK survivalrun

It Nederlânsk kampioenskip survivalrun waard sneintemoarn op de Griene Stjer yn Ljouwert holden. By survivalrun moatte dielnimmers bygelyks klimme oer balken, dwers troch sletten hinne en as in aap yn de touwen hingje.
By de manlju waard Joost Velthorst út De Heurne kampioen. Op it twadde plak kaam Metske Kooistra fan De Falom. By de froulju waard Bianca Machielse út Breedenbroek kampioen.