Kontrôle op Lauwersseewei

Op de Lauwersseewei binne dit wykein trije minsken pakt dy't dêr te hurd rieden. Ien ried 104 der't 80 tastean is. Twa oere jonge bestjoerders rieden beide sa'n 40 kilometer te hurd dêr't de maksimumsnelhied 100 is.
De beide manlju krije in punt ôflûk op har punterydbewiis en lykas de oare automobilist in dikke boete.