Ynbrutsen yn Snits

Ut in wente oan de Gerben Oppewalwei yn Snits is yn de nacht fan freed op sneon ynbrutsen. Der waarden twa laptops, in fideokamera, in mobyltsje en twa fytsen meinaam. De ynbrekkers binne nei alle gedachten binnenkaam troch it saneamde angeljen.
Dat hâldt yn dat se mei in kyl troch de brievenbus de doar iepen krigen ha. De bewenner hat oanjefte dien.