Harkemase Boys-Flevo Boys 4-1

© Omrop Fryslân
Harkemase Boys hat sneontejûn yn de haadklasse mei 4-1 wûn fan Flevo Boys. De ploech út Emmeloard fan trainer Willem Brouwer kaam op sportpark De Bosk op De Harkema al yn de twadde minút troch Arjen Postma op foarsprong. Lang hie de thúsploech it dreech, Flevo Boys spile taktysk sterk.
Yn de lêste tweintich minuten gong de ploech fan trener Henk de Jong troch doelpunten fan Dennis van den Driessche, Oebele Schokker en Martijn Barto (2x) 'derop en deroer'.