Konsert Tytsjerk giet oer

© Omrop Fryslân
It konsert fan it Frysk Senioare-orkest, dat sneintemiddei om trije oer holden wurde soe yn de Bosk fan Ypeij yn Tytsjerk, giet net troch. De organisaasje doart it net oan fanwege it minne waar dat der oankomt.
Foar sneontejûn wurdt in súdwesterstoarm ferwachte, mei oan de kust wynkrêft 9. It konsert kin dit jier net mear ynhelle wurde, om't alle sneinen yn de Bosk fan Ypeij al folboekt binne. It konsert wurdt dêrom ferskood nei takom jier.