Boek oer Blitsaerd

De nijbouwyk Blitsaerd by Ljouwert
Tal fan beswieren wiene der tsjin de nije wenwyk Blitsaerd yn Ljouwert. It gebiet by de Grutte Wielen is in wichtich rêstplak foar fûgels, benammen guozzen. Mar de natuer moast plak meitsje foar filla's.
Yn it boek 'Blitsaerd, natuur als buur' wurdt no weromsjoen op dy perioade. It boek giet oer de striid tsjin de wentebou en de wize wêrop de bewenners fan de wyk no mei de natuer omgean. It is skreaun ûnder lieding fan Nynke Bout fan Sinnetaal.