Eanjumer op 'hufterkursus'

© Omrop Fryslân
In 29-jierrige motorrider út Eanjum hat de ear om as earste yn Fryslân diel te nimmen oan in kursus foar minsken dy't gefaarlik binne yn it ferkear. De man foel freed op doe't hy op de Hoofdweg by Damwâld in wheely útfierde oer sa'n 100 meter.
Doe't hy fierder ried rjochting Damwâld helle hy in auto yn oer in trochlutsen streep, wêrnei der wer in wheely folge. At de Eanjumer dy kursus net hellet dan wurdt syn rydbewiis ûnjildich ferklearre.