Wenwyk De Jouwer opknapt

© Omrop Fryslân
Op ´e Jouwer is tongersdei út_ein_set mei de renovaasje fan 174 hierwenten yn ´e wyk Suderfjild. Ek wurde der 22 wenten sloopt en ferfongen troch nijbou. De opknapbeurt fan ´e wyk is opdield yn njoggen parten. No binne der fjouwer strjitten oan bar wêrûnder de Lycklemastrjitte en de Prins Willem Alexanderstrjitte.
De opknapbeurt kostet 15 miljoen euro. Wenningboustifting Accolade soarget foar de huzen en de gemeente makket de iepenbiere romte moaier.