Gebrûk slieppillen moat minder

De Friesland: gebrûk moat sakje
Soarchfersekerder De_Friesland wol mei húsdokters en apteken it gebrûk fan sliep- en kalmearringsmiddels flink ferminderje. Guon brûkers binne min op ´e hichte fan it goed brûken fan de pillen en de risiko´s op ferslaving. Dêr komt noch by dat de middels fan 1 jannewaris yn ´e measte gefallen net langer fergoede wurde.
Likernôch 57.000 klanten fan ´e grutste Fryske soarchfersekerder brûke sliep- en kalmearringspillen. Dat tal kine folle leger.