Ynfojûnen Poortje geane troch

© Omrop Fryslân
De ynformaasjejûnen oer jeugdfinzenis Het Poortje dy´t noch op de aginda stean, gean gewoan troch. Dat wol de gemeente It_Hearrenfean. Woansdei sabotearre de aksjegroep dy´t tsjin de komst fan de jeugdfinzenis is, de earste ynformaasjejûn.
De groep bestiet út ynwenners fan It_Hearrenfean-Noard. De gemeenteried wol dat It Poortje yn dy wyk komt, mar de measte bewenners sitte dêr net op te wachtsjen.