Gjin Lange Frans en Baas B

© Omrop Fryslân
De konserten dy´t de Amsterdamske rappers Lange_Frans en Baas_B tongersdei op skoallen yn Ljouwert, Grins en Assen jaan soene, gean net troch. Yn Ljouwert soene de artysten optrede foar sa´n 1200 learlingen fan de Friese Poort.
De optredens wiene bedoeld as promoasje foar de lanlike plysjedei op sneon 11 oktober yn ´e TT-hal yn Assen. Dan trede Lange Frans en Baas B wol op. It is de plysje net dúdlik wêrom´t de artysten net nei Ljouwert komme.