Mear Fryske ferdwûne doarpen

Fryslân hat mear ferdwûne doarpen as sosjaal geograaf Bert_Stulp tocht hie. Stulp is al langer dwaande mei in ûndersyk nei de doarpen út it ferline en hie dêrom koartlyn minsken oproppen him te helpen. Dy oprop hat inkele tsientallen reaksjes opsmiten. Dêr sieten ek reaksjes by oer doarpen dêr´t Stulp noch neat fan wist.
Stulp sil no fierder oan ´e slach mei dy tips en sil sjen oft er ek yn ´e offisjele boarnen wat fine kin oer dy nije ferdwûne doarpen.