Keunstgers foldocht net

It keunstgers giet der wer út
De gemeente Ljouwert hâldt op mei keunstgers. Yn Ljouwert leit no goed in jier keunstgers op it Valeriusplein, mar de risseltaten falle ôf. It kostet in protte jild en it hat in soad ûnderhâld nedich.
De ferwachting wie krekt dat it keunstgers minder ûnderhâld nedich ha soe en dat der gjin túch trochkomme koe. It docht bliken dat beide net wier is. Ynkoarten wurdt it gers fuorthelle. Boppedat ferkleuret it keunststof.