Nutma direkteur Doarpswurk

© Omrop Fryslân
Nutma fan Wytgaard wurdt mei yngong fan 1 jannewaris 2009 de nije direkteur fan St. Doarpswurk. Dizze stichting rjochtet him op it yn stân hâlden fan de leefberheid fan it Fryske plattelân.
Nutma wurket no as sektorhaad Publykssaken yn de gemeente Ljouwerteradiel. Earder hat hy ek by it Lânbouskip, de arbeidsfoarsjenning en de gemeente Noardeastpolder wurke.