Fryslân krijt mobile optisien

Der komt in mobile optisien yn hiel Fryslân. De optisien rydt by âlderein- en fersoargingstehuzen del om dêr advys te jaan. No is it noch sa dat de âlderein meastentiids nei in stêd moat foar de optisien.
Fan 1 jannewaris ôf kinne âldereintehuzen kontakt opnimme mei de eachspesjalist foar in nij montuer of it mjitten fan de eagen.