8 jier sel saak Tessa Klaver

Yn heger berop yn de saak Tessa Klaver is in 22-jierrige man út Easterwâlde feroardiele ta acht jier sel. De eask wie tsien jier. De man hat april 2007 de 19-jierrige studinte Tessa Klaver út Donkerbroek om it libben brocht. It stel hie relaasjeproblemen. Nei rûzje wurge er it famke en gong op stap.
It slachtoffer ferstoar letter. De straf falt leger út omdat neffens it hôf net bewiisd wurde kin dat de man wist dat Tessa noch libbe en dêrom gjin ambulânse belle hat.