Makelers hinder fan bankkrisis

Huzen stean lang te keap
Fryske makelders hawwe in protte lêst fan de ûnwissichheid yn de finansjele merk. De ferkeap fan wenningen nimt dúdlik ôf, huzen steane langer te keap en banken wurde hieltyd selektiver yn it ôfjaan fan hypoteken. It bart de lêste tiid gauris dat de keap fan in hûs net trochgiet, omdat de bank gjin hypoteek jaan wol.
Makeldersferiening NVM ferwachtet net dat de priis fan huzen bot sakje sil. Dêrfoar soe der tefolle ferlet fan wenten wêze.