Fermiste Warkumse werom fûn

De fermiste Carla_Katstra út Warkum is tiisdeitemoarn troch de plysje werom fûn. De 49-jierrige frou is yn betize tastân fûn op in camping yn Koudum. De frou wie al in tal wiken fermist.
Har soan yn Grins hie by de plysje oanjefte dien fan de fermissing. Hy koe gjin kontakt mear krije mei syn mem en trof har ek net thús of op de camping oan.