SP Smellingerlân net by ried

© Omrop Fryslân
De riedsfraksje fan de SP yn Smellingerlân sil tiisdei de riedsgearkomste net bywenje. Neffens SP-fraksjefoarsitter Van der Horst komt it hieltyd faker foar dat wichtige saken op de aginda trochskood wurde nei in folgjende gearkomste. Hy steurt him dêr bot oan.
Tiisdei moat de ried allinnich beslisse oer twa riedsleden dy't yn in oare riedskommisje sitting ha wolle. De gearkomste sil neffens de SP net langer as in heal oere duorje.