Man oerriden troch eigen auto

In 47-jierrige man út Utert hat himsels sneintejûn yn Grou mei de eigen auto oerriden. De man rekke hjirby ferwûne oan syn boarst en waard nei it sikehûs brocht. De man wie dwaande op in kamping. Hy draaide de kontaktkaai om wylst er njonken de auto stie, omdat er ferlet hie fan ljocht.
Hjirby starte de man per ûngelok de motor. De auto stie yn de fersnelling en ried achterút. De man foel trochdat de autodoar him rekke. De auto makke in bocht en ried oer de man hinne.