Militêre oefenings Frjentsjer
Yn Frjentsjerteradiel wurde de kommende wike militêre oefenings holden. Dat sil dien wurde op ferskate plakken yn de gemeente. Definsje besiket dêrby sa min mooglik oerlêst te jaan oan boargers.
Mochten dy al lêst ha fan de oefenings, dan kinne se belje nei in spesjaal klachtetelefoannûmer.