Subsydzje foar better imago

© Omrop Fryslân
Fjouwer Fryske gemeenten wolle mei in Europeeske subsydzje har imago ferbetterje. Achtkarspelen, Dantumadiel, Dongeradiel en Kollumerlân besykje 850.000 euro te krijen út in Europeeske pot. Dy is bedoeld om de achterútgong fan plattelânsgebieten tsjin te gean.
It jild sil brûkt wurde om in positiver byld fan de gemeenten sjen te litten, mar ek om foarsjennings yn de doarpen te ferbetterjen en lokale ûndernimmers te helpen.