Kultuerpriis foar De Vries

Johannes de Vries fan De Lemmer hat de twajierlikse kultuerpriis fan de gemeente Lemsterlân wûn. It giet dan om de Fedde Schurer Kultuerpriis. De Vries krijt dy fanwege syn belutsenens by it kulturele libben yn Lemsterlân. Sa is er ûnder oare aktyf foar de âldheidkeamer, de Fryske Krite en de lokale omrop.
De priis waard sneontejûn útrikt, tagelyk mei de frijwilligerspriis en de gemeentlike sportprizen.