Film 'Schoenen van Abe'

© Omrop Fryslân
Yn it Jopie Huisman-museum yn Warkum giet sneon de animaasjefilm 'De Schoenen van Abe' yn premjêre. De troch Benny Klazenga makke film is basearre op it skilderij dat Jopie Huisman makke fan de fuotbalskuon fan Abe Lenstra.
By de premjêre sille Riemer van der Velde en Foppe de Haan fertelle oer har ûnderfinings mei Jopie Huisman en Abe Lenstra.