Jildkrapte by NHL

De kommende jierren wurde finansjeel dreech foar de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden. Dat lit it bestjoer fan de hegeskoalle yn in brief witte oan har meiwurkers.
De finansjele krapte is feroarsake troch de nijbou dy't 29 miljoen euro djoerder útfalt en de dûbele húsfestingskosten. Der sil de kommende tiid besunige wurde moatte, mar hoe is noch net bekend. Wannear't de skoalle wer finansjeel sûn is, is neffens it bestjoer lestich yn te skatten.