Hearrenfean-Setúbal op TV

Earder yn Lissabon waard it 1-1
De wedstriid fan SC Hearrenfean tsjin it Portugeeske Vitória Setúbal is tongersdei 2 oktober live by Omrop Fryslân te sjen. De Omrop is de iennichste televyzjestjoerder yn Nederlân dy't de UEFA-cupwedstriid sjen lit. De útstjoering begjint om 19.50 oere. In dei letter sjogge we yn Boppeslach op de wedstriid werom mei in gearfetting en neipetearen.
De radio stjoert de wedstriid sa as gewoanlik ek hielendal streekrjocht út.