Sutelaksje rint goed

Ate Grypstra syn boek ferkeapet goed
De boeken 'De hearen fan Fryslân' fan Arjan_Terpstra en 'Liet foar myn jonge' fan Riek_Landman ferkeapje it bêste by de Sutelaksje fan it Fryske Boek. By de jongereboeken is 'Heftich' fan Ate_Grypstra in bestseller. Begjin septimber is de Sutelaksje begûn. Oant no ta is al foar goed 78.000 euro ferkocht.
De sutelaksje duorret noch oant en mei 18 oktober. Dan is de ôfsluting, lykas alle jierren, mei in boekemerk yn it sintrum fan Drachten.