Kâns op Undernimmerspriis

gadingmakker Undernimmerspriis
Trije Fryske ûndernimmers binne troch nei de twadde ronde fan de Jonge Undernimmerspriis 2008. It binne Barrykookt.nl út Snits, BekenT Internet Marketing fan It Hearrenfean en Eastmen Human Resources út Harns.
De earste ronde bestie út 45 kandidaten. Heal oktober moatte de bedriuwen har presintearje by de Keamer fan Keaphannel foar in sjuery. Dan wurde de trije finalisten bekend makke. De finale is ein novimber.